Der hat woansdei in syktocht west nei in fermiste jonge fan 19 jier. De jonge is autistisch. Om healve fiven hinne wie hy fuort fytst fanôf it bungalowpark yn Sondel. Dêrnei wie hy net mear sjoen. Woansdeitejûn hat de plysje fia in burgernetaksje frege om nei de jonge út te sjen. Dit smiet neat op.

Uteinlik hawwe plysjes him om goed healve njoggenen weromfûn tusken Sondel en Wyckel. Hy is doe werom brocht nei syn âlden.